Kleine Prijs van Fryslân
De Kleine Prijs van Fryslân is begûn, de grutste bandkompetysje fan de provinsje. Fjouwer moannen lang sil hiel rockend Fryslân tusken Peazens-Moddergat en De Lemmer de bibbers ha, want de winner fan 2008 hat yntusken in fet kontrakt tekene by it Excelsior-label.
Der binne mear as 15 foarrondes, 3 heale finales en in grutte finale yn het Heilige der Heiligen, Poppodium Romein yn Ljouwert. Foarich jier ha der 80 bands meidien, de ferwachting is dat der dit jier noch folle mear meidogge.
Ofrûne wykein wie de earste foarwedstriid yn Romein, grutte winner wienen de hurde garage ‘n’ metal ‘n’ rock ‘n’ rollers fan Rooster Rampage! Lokwinske minsken!
Spielsto ek yn in band? Opjaan kin noch...hjir.

















