Jongen gûlt bloed
Silst it mar ha! Calvino Inman (15) út Tennessee yn Amerika gûlet bloed. Meardere kearen deis rint d'r bloed út syn eagen. Neffens Calvino fielt it lyk sa as gewoan gûle, mei it ferskil dat der gjin wetter mar bloed út syn eagen rint. Dit duorret tusken in pear minuten en soms wol in oere. Artsen ha de jongen ûndersocht mar kinne d'r ek net efter komme hoe as dit no kin.
Op skoalle wurdt de jongen in soad pesten, guon fan syn klasgenoaten tinke dat de hy in fampier is of dat er de dúvel yn him hat.

















