Beetstersweach hooligans

Rûge tastannen ôfrûne sneontenacht yn Beetstersweach, it Wassenaar fan Fryslân. Dêr trof de lokale plysje nei middernacht fiif jonges oan dy't gesellich in auto stienen te mishanneljen. En dêr bleau it net by, want twa strjitten fierder waard efkes letter in santjinjierrige jonge fernield troch wer twa oare jonges. De plysje soe de beide jonges meinimme, mar doe ‘t de sûndebok him ek ferfelend begûn te gedragen (blykber wie hy net te sprekken oer it tochtsje dat syn ‘freonen’ fergees oanbean waard!) moast hy ek meikomme nei it plysjeburo. Uteinlik hat de plysje se dus alletrije by de kraach krigen.
Aardige boel dêr yn Beetstersweach. Fan no ôf oan grutskalige praktiken yn it oars sa rêstige doarp? "Dat is wol wat foarbarich!", fynt Irene Sloot fan de plysje Fryslân. "Dat dizze ynsidinten ôfrûne sneon beide yn Beetstersweach foarfallen binne wie gewoan in tafal".

















