SjONG 2010
SjONG, it populêrste sjongfestival fan Fryslân, komt der wer oan! Oant en mei freed 5 maart kinne learlingen fan 12 oant en mei 18 jier harren wer oanmelde.
De foarrondes fan SjONG binne op moandei 22, tiisdei 23 en woansdei 24 maart (en by in soad ynskriuwings ek op 25 maart) yn it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. De finale is op sneon 24 april om 19.30 oere yn teater DOK18 yn Dokkum.
Fideo: Nynke & Wiljo, de winners fan foarich jier.

















