Op syk nei sKa3

Hast ek sa dyn nocht van dy saaie talintejachten op televyzje? Moatst do ek koarje fan Op zoek naar Marry Poppins, De nieuwe Michael Jackson of Idols seizoen 4311? Mar bist wol muzikaal? Dan hawwe wy wat leuks foar dy!
Op snein 7 maart 2010 binne yn'e Popbunker fan Ljouwert de audysjes fan de geniale coverband sKa3. Hja binne nammentlik op syk nei nije sKa-tsjes dy't de backing vocals foar harren rekken nimme kinne.
Ska3 makket in mix fan ferskes fan de famkesgroep K3 en nije top40 dingkjes. Dêrneist hawwe se de teksten wat oanpast sadat se wat 'lekkerder' foar folwoeksenen binne. Gjin Kusjesdag dus, mar Kutjesdag... ;)
Dus tinkst do dast goed sjonge kist en liket it dy wol wat om tegearre mei sKa3 Nederlân oer te nimmen? Mail dan dyn gegevens (namme, âldens, reden dast meidwaan wolst, etc.) nei ska3music@gmail.com.

















