Fuotbalgeweld
Dat de jongerein hieltiden faker agressiever binne, wurdt dúdlik yn in fuotbalwedstriid tusken B2 fan VV Hearrenfean en de B1 út Marknesse.
Doe’t de wedstriid begûn, wie op it fjild al wat irritaasje tusken beide ploegen. De skiedsrjochter lei it spul in skoftsje stil. Doe’t besocht waard de saak te rêden, foelen de spilers fan VV Hearrenfean de tsjinstanner oan. De doelman fan Marknesse krige in stjit mei de kop en in klap yn it gesicht, hy moatst dêrnei nei de toskedokter. Ek de lieder fan Marknesse krige in klap yn it gesicht…en dan hawwe wy it oer B1 en B2......

















