DJ Kay Wilder nei Afganistan
De Amelanner DJ Kay Wilder sit op it stuit yn it fleantúch nei Afganistan.
Hy sil dêr op 28 augustus in DJ-set fan trije oere delsetten foar de 28.000 militêren dy 't yn Kandahar legere binne. Mei syn fernijende housebeat sil Kay Wilder it moraal fan de troepen op te fizelje.Op Kandahar Airfield binne 400 Nederlânske troepen oan de slach, se wurkje dêr tegearre mei tûzenen soldaten út Amearika, Kanada en Ingelân.
Katie Melua, Whitney Houston en Jan Smit wine earder ek al te gast yn Afganistan.

















