Highscores pisje
Sommige dingen yn it libben kinne net tegearre. Cheeseburgers ite en swimme, of bier trinke en berchbeklimme. Mar yn Japan kinne wy no wol tagelyk game en pisje.
En nee dat is net in grapke út Tokio, mar in nij wc-konsept fan SEGA. De moaie technology hiet Toylet. Yn de toiletten sit in sensor en zodra der in straal urine yn kontakt komt mei de sensor kinne de games bestjoerd wurde. Wat foar games binne dat dan? Manneke Pis (sa hurd mogelik pisje), Graffiti Eraser (graffiti fuortpisje) en ús favoryt The North Wind and Her (hurder pisje soarget derfoar dat de wyn rokjes omheech tilt...)
Geweldich systeem, hjir kinst alfêst in demonstraasje checke:

















