Dokkum teheistere troch sinaasappelkanon
Nei it ôfgriselike foarfal yn Alphen oan de Rein, binne de plysies yn Dokkum ek ekstra foarsichtich en trochtaastend.
Der wie nammentlik in swier bewapende man yn’e stêd. Stik foar stik waarden de minsken yn it sintrum fan Dokkum ûnder hannen naam troch de blauwbroeken.
Úteinlik hat de plysje in man út Twizelerheide yn’e boeien slein. De auto fan de 23-jierige man is yn beslach naam, tegearre mei in grou sinaasappelkanon. In wapen wer’t mei hege druk in stik fruit ôffjoert kin wurde.
Yn it folgjende filmke kinst sjen wat der allegeare stikken kin mei sa’n ding.

















