Joran prikt selmaten
Ien, twa, trije. Joran sil dy snije.
Dat is ast yn’e gefangenis yn Peru sist natuerlik. Ús troetelsearjemoardner hat in bytsje lêst fan agresjeoanfallen. Meastal at hy drugs hân hat. Dan giet it op’e harses ferkeard. Der binne de ôfrûne tiid al sa’n trije Peruaantsjes yn’e bealch prikt troch Joran.
In wichtiche reden foar Jorans stekfeestjes is dat hy syn mem mist. Sûnt it lêste telefoantsje mei memmie, is it mantsje net mear de âlde, sêftaardiche Joran dy’t wy kinne fan tv. Hy komt as in lilke man út de isolear en stekt driftich om sich hinne. Miskien is it in nuver foarstel, mar ik soe him gjin mês mear yn’e hannen drukke. Oars bliuwst mar bloed en yngewannen dweilje.
Hooplik kin Joran sich de takommende tiid in bytsje behearse. Der sille sûnder mis noch in pear mantsjes yn it mês fan Joran rinne, mar it is ek sa dreech om sûnder mem yn’e sel te sitte. It komt wol wer goed Joran! Noch efkes trochstekke... ehm trochsette!


















