Osama is net dea
Ferjit ús blogje fan juster oer de goedkeapere benzine. Osama Bin Laden is nammentlik net dea, hy sit gewoan underdûke yn de Drachtster skouboarch De Lawei.
Dêr kaam de Ljouwerter Krante efter doe't se de wurden 'Osama' en 'compound' yntypt hawwe fia Google Maps. Foar it Amerikaanske leger wie it gjin reden om de doar fan it Drachtster theater yn te traapje. ,,Hier is alles rustig. Maar opmerkelijk is het wel'', neffens wurdfierder fan De Lawei, Jacob Frölich.
Wat bliket, de jazzpercusionist Osama Mileegi hie in optreden yn Drachten. En earder hie De Lawei in stik ôfspyle op in compound foar westerske sakenminsken en diplomaten yn China.


















