Rûpepleach en nije hit foar Rinus
De eikeprosesjerûp is wer yn it lân, mar it hierige bistje is lang net sa steech as de nije hit fan de held út Drachten, Zanger Rinus.
De nije hit fan de Carparismeiwurker is ôfliede fan de fette dancemoves fan de talintfolle sjonger. Yn it filmke kinst sjen hoe't multitalint Rinus sien moves en grooves de wrâld ynslingert. De hit hiet 'De Rups' en hat in pakkend refreintsje.
De Grachtendouwers hawwe it refreintsje efkes ynsongen, sadat it hiele filmpje ien grutte all-star parade is. Wat in stjer! It is net foar neat dat Rinus ynkoarten by ús te sjen is yn in ekssssstraspesjaale ôflevering fan Húskes! Ja, it is echt wier, wy geane by Rinus op'e kofje!
Oer stjerren sprutsen. Nei Marlous en it famke fan de oaljebollenkream is Gerjanne no oan de beurt om har karriêre troch Rinus yn'e lift te litte sette. Dizze eagappel fan de no al legendaryske Drachtster is misskien net sa bysûnder as Marlous, mar is lyk as Rinus geweldich talintfol!

















