IMF ferkracht euro
It is sa nuver dat it hast net te lieuwen is. Stokslobberje kin negatieve gefolgen ha foar de ‘stabiele euro’.
Dat komt omdat ien fan de machtigste mannen út de finansjele wrâld fertocht wurd fan oanranding fan in hotelmeiwurker. Mar dat de arrestaazje fan Dominique Strauss-Kahn gelyk negatieve gefolgen hat op de Europeeske muntienhyd, is dochs wol it frjemste nijs.
Miskien is it in idee om it selibaat yn te fiere by de bankentop, at seks sa folle ynfloed hat op ús jild. In kastraazje soe uteraard noch effektiever wêze om it herstel fan de eurokoers te garandearje. Derneist kin troch dizze lytse yngreep in protte leed foar jonges en famkes besparre wurden.
Neffens it keamerfamke kaam de Franske IMF-topman mei syn bleate piemel út de badkeamer fan it hotel, doe’t sy de keamer himmelje soe. Mar noch foar se har stofsûger oanslúte koe, krieg se wat oars yn har mûle om op te soechjen.
Sa as gewoanlik kinne de minsken mei de measte sinten it wer net litte om it ljochte herstel fan’e eurokoers te ferneuke. It is aanst de fraach hokker eask it OM fan de VS foar de IMF-topman yn petto hat. Wurdt hy oanklage foar de oanranding fan in famke? Of sil hy nei de gefangenis gean foar it ferkrachten fan de euro?

















