SMS “SEKS OAN” NEI…
Út resint ûndersyk die blyken dat hyltyd mear jongerein tekstberjochtsjes brûke om in saneamde “booty call” te regeljen, ynstee fan te skiljen.
Op sich binne der gjin wittenskippers nedich om dit te konstatearjen, oansjoen frijwol alle jongerein tsjinwurdich Whatsapp, Ping oft eat wat fan alliken brûke, mar goed…
It is wol ynteressant om nei te tinken oer wêr’t dit alles hinne giet. No binne de geile petearen al digitaal, hoe lang sil it duorje foar’t dit mei de seks ek it gefal is? Dochs al blykt út in oar ûndersiik ek dat foaral in protte froulju it ferrekte geil fine at d’r “fizich” tsjin se praat wurdt yn tekstberjochtsjes. It sil fêst net lang mear duorje foar’t je fia de iPhone kin “Whatssexen” mei dyn booty call, net allinnich mei tekst mar ek mei hulpmiddeltsjes.
Sa soe it yn ‘e takomst samar foarkomme kinne datst neist de gebrûklike assessoires allerhande seksuele hulpmiddeltsjes by dyn tillefoan oanskaffe kinst. Christine le Duc ynienen ek as tuskenpersoan foar abonneminten; “Wolst by dit abonnemint ek gebrûk meitsje fan ús spesjale oanbieding? Twa remote-controlled dildo’s helje, ien betelje. Tagelyks te brûken as draachbere speakers!” Wat binne wy dochs in steltsje digifreaks oan’t wurden mei syn allen…

















