EPYSKE MIELEN
Op it ynternet binne dizze jonges al rûme tiid legindarysk, mar it liket derop dat it net lang mear giet duorje foar’t se ek by it grutte publyk rochbrekke gean.
Begûn it allegearre by Harley “Sauce Boss” Morenstein yn ‘e eftertún mei in pizzaboaiem belizze mei fastfood, tsjinwurdich hawwe se: in eigen T-shirt line, sponsors, in website, in wiidweidich Youtube kanaal, een wiidweidige crew, geawurkings mei celebrities en filmmakkers… It kin allegearre net sot genôch foar dizze jonges dy’t oait as grap hjirmei begûnen! En sis no sels, welke net-fegetaryer hâldt hjir no net fan?

















