IT BESTE BIER
Dizze wike is it Aldibiermerk Schultenbräu troch de Belgyske konsumintenbûn útroppen tot beste keap. It earste Nederlânske biermerk yn ‘e top 10 is Heineken, op ‘e fjirde plak.
Dochs is it lestich foar te stelle. In biermerk dat benammen dronken wurdt troch studinten, alkoholisten en junkies, dat troch Belgen – dy’t bekend stean om harren goeie biersmaak – útroppen wurdt tot beste keap. Dat is dan ek wierskynlik it probleem, dy konsumintenbond. Want dy bonden bestean faak út minsken fan middelbere leeftyd mei in strontpûde, hernia’s en in doaze fol pillen foar eltse dei fan ‘e wike. Wa wit wat foar ynfloed al dy pillen deis op hun smaakpapillen hat? Of hoe befoaroardiele dizze minsken mei harren 50+ jierren libbensûnderfining binne?
Úteinlik falt d’r oer smaak gewoan net te twiste. Minksen sûpe gewoan it bier dat se it lekkerst fine. Of wêrfan ‘e reklame harren it meast onsprekt. Of wêr’t se it hurdst dronken fan wurde. Of wat d’r it hipst útsjocht wannear’t se it beethâlde op’e dûnsflier fan harren favorite diskoteek. Of fansels omdat it lekker goedkeap is…

















