MAX HAVELAAR KUTJE
Fairtrade. In begryp dat hyltyd belangriker wurden is binnen ús maatskippij. Mar wat is no presys “fairtrade” en wat valt d’r allegearre ûnder dit keurmark?
Iderien kent wierskynlik Max Havelaar, mei syn bananen en kofje. Mar as it oan PvdA-keamerlid Sjoera Dikkers leit kinne hoerenrinners daliks ek kieze foar in Max Havelaar kutje. OK, miskien net letterlik Max Havelaar, mar Dikkers wol in “Fair Fuck keurmark” ynstelle. In keurmark dat lit sjen fia in sticker dat de hoer dy’st fol blaffe giest, har frijwillich troch dy fol blaffe lit. Wierskynlik sille dizze hoertsjes dan ek ekstra djoer wêze.
Mar ja, welke hoer docht har wurk no echt frijwillich? Grappich om te witten is dat Dikkers ynternasjonale hannel, MVO & ûntwikkelingsgearwurking yn har portefúlje hat. Soenen d’r dan ek fairtrade prostituees ymportearje kinne wurde út Roemenië ynkoarten? Dat d’r boerepleatsen komme wêr’t hoertjes kweekt wurde sûnder tuskenkomst fan slavenarbeid? Dat de hannelers in earlike priis krije? Bytsje frjemd idee Sjoera…

















