IT EINDE FAN IT EINDE FAN DE WRALD
Amerika, it lân fan de eindeleaze mooglikheden, sa ek as it op rare minsken oankomt.
Dat wurdt mar wer ris bewezen troch priester Harold Camping út de staat Colorado.
Dizze man hat nammentlik al meardere keren foarsein dat de ierde fergean soe, mar sa as jim myskien wol fernaam hawwe binne we der allegear noch wylst de deadlines al ferskate keren ferrûn is. Gelokkich hat Harold no sels ek it ljocht sjoen en hat der besletten te stopjen mei syn maffe utspraken. Om dizze man in lêste earbetoan te jaan is hjir noch in kear it earste filmpke dat de man de wrâld ynstjoerde, út de perioade dat der ( troch in oantal minsken) noch wol serieus naam waard.

















