RIN MEI MEI UPGRADE
Minskenrjochten en it miljeu. Twa wichtige ûnderwerpen wêr’t alleman harren graach foar ynset. De Fryske organisaasje Tûmba organisearret op 11 novimber in alternative St. Maarten siich; Upgrade.
Tidens dizze rin sille neatfermoedene ynwenners tusken 13.00u en 15.00u learlingen fan it AOC Fryslân yn in Upgrade T-shirt foar harren doar oantreffe dy’t in fariant sjonge fan in St. Maarten liet en freegje of’t de bewenner in gloeilampe ruilje wol foar in folle duurzamere en tige kostberre LED-lamp.
Doel fan dizze aksje is om jongerein te stimulearjen om op in positive manier by te drage oan in bettere takomst. Dêrom wurdt d’r ek stilstien by minskenrjochten. Liket it dy leuk om mei te dwaan of wolst gewoan mear witte? Check dan de website foar mear ynformaasje!

















