Goed wykein foar Fryske sport
Ôfrûne wykein wie net allinich sukses foar de fuotballers fan ‘t Fean.
Eltsenien hat it wol oer SC Dost dy’t yn in nuvere striid yn Rotterdam mei fiif doelpunten fan Bassie de losers fan Excelsior te plak setten hat. Mar dit kear is net alles foar Bassie.
Yn it Cambuurstadion wiene de Ljouwerters mei 5-1 te sterk foar de Grinslanners út Veendam. Ek op it iis wie der Frysk sukses. Foar de feroaring binne it dizze kear net de hurdriders, mar de iishockeyers. Yn ús buorlân België, hawwe de Flyers de dombo’s fan Turnhout mei 2-7 fan it iis ôfslein.
Mar yn it Australyske Perth oan de oare kant fan dizze planeet, binne de grutste prestaazjes foar ús provinsje levere. Marit Bouwmeester en Pieter Jan Postma hawwe in grutsk oandiel yn it sukses fan Fryslân. Ynternasjonaal sukses wolteferstean op’e wrâld kampijoenskippen syle. Postma pakte sulver yn’e Finn-klasse. Ús Lasersyler Marit pakte mei har blonde hier wapperend yn’e wyn en mei it sâlt op har lippen in gouden plak in it einklassemint.



















Marrit bouwmeester ftw
Marrit bouwmeester ftw
Marrit bouwmeester ftw