De gefaarlikste man fan 'e wrâld
Wa is mooglik de gefaarlikste man op ‘e wrâld? Ien hint… it is in oergriselik grutte swarte Nederlanner. Alistair Overeem. De dûbelgespierde neger út Amesfoort hat ôfrûne wykein de âld UFC kampioen, Brock Lesnar, ynelkoar slein.
De Nederlanner hat no de kâns om de beste te wêze by fjouwer ferskate organisaazjes. Nei Dream, Strikeforce en K-1, kin Overeem aanst ek in wrâldtitel fan ‘e UFC efter syn namme skriuwe. Dêrfoar moat de kolos earst wol fan Junior Dos Santos winne.
Dat de bistachtige fechter fan Brock Lesnar winne soe, is foar Nederlanners gjin ferassing. Wy witte nammentlik wol dat ús Alistair gehakt meitsje soe fan dizze wrakseler dy earder foar de WWE útkaam. Nederlân is al jieren in kweekfiver foar keihurde fechters dy’t gjin genede kinne.
Alistair Overeem sil aanst tsjin de regearende UFC kampioen Junior Dos Santos fechte. Kin Overeem dizze man oan? Wat tinke jim?

















