Reedride is sa 2011
We hawwe wer in tin laagje iis yn 'e feart. De redens kinne wer nei de sliper ta brocht wurde. Mar net om te reedride. Om oare spultsjes op it iis te dwaan. Want reedride is 2011!
Sjoch hjir mar ris nei. Dit doche se yn Finlân. Finnen witte wol wat se op it iis dwaan moatte. Gewoan wat spikers ûnder de kart en drifte as in baarch.
Of de fariant op iishockey, skiën en streetskating dy't it pepdrankje Red Bull promoot. Mar tink der wol om. Crashed Ice is net foar gaylords!
At de froast hurder wurdt en de Fryske marren der oan liuwen moatte, dan wurdt it tiid foar wat iisfertier mei wyn. Iissyle, dat kinne de Friezen wol.
Of wat tinke jim fan iis kiting. Ricardo... is dit wat foar dy? Do sykest dochs noch in nije sport?

















