Froeks Flipt

Liftsto fan ‘t simmer nei Iran? Of silst op toernee mei dyn band troch de States of silst foar dyn staazje nei it bûtenlân? We jouwe dy graach in Flip-kamera mei om op reis fideoblochs te meitsjen.
It is in simpele deal: do lienst fan ús in Flipkam, krijst in koarte filmkursus, dêrst yn learst hoe ast mei bylden in ferhaal fertelle kinst. Op reis makkest koarte filmkes. Wy montearje dat en sette alles online yn in apart kanaal. Wolsto ek in fideobloch byhâlde? Mail dan nei sjoerd@froeks.tv en skriuw: Ja! Ik wol flippe!
Mirthe is krekt werom út Nashville, it Mekka fan de countrymuzyk. Se hat dêr staazjerûn foar har oplieding oan de Academie voor Popcultuur en in rige filmkes makke. Hoe is it foar in jonge countrysjongeres om yn it sintrum fan dy muzyk om te stappen?
Han, Jaap en Jasper ride mei in âlde motor troch de Sahara om sa jild op te heljen foar in goed doel. Fan Amsterdam nei Dakar. Se filmje harren reis mei in Flip.
Ryanne & Marjet sille op harren pumps nei de binnenlannen fan Súd-Afrika. Wapene mei in koffer make-up. Wy binne fansels benijd oft se dêrmei de bush oerlibje sille. De beide froulju meitsje de reis foar stúdzjepunten foar harren oplieding Media & Entertainment Management oan de Stenden University.
Jelle B. makket mei syn gitaar furoare yn alle sealen yn Nederlân, Eastenryk en Simbabwe. Sûnt koart set er syn aventoeren op ’e film foar Froeks.TV.
Berber & Keimpe sille yn juny nei New York om dêr folslein kopke ûnder te gean yn de muzyksene.

















