Froeks.TV

Om uploade te kinnen moast ynlogd wêze Om stimme te kinnen moast ynlogd wêze

Registrearje no en rate dyn favorite fideo

Wachtwurd fergetten Ik wol my registrearje

Upload dyn eigen filmke




 

selecteer bestand

lit kanalen sjen

  • kanaal: Froeks.TV Redaksje

    Folgje hjir de aventoeren fan Ricardo, Renske, Maeike, Timo, Loes, Rikst, Laura, Esther…

  • kanaal: Screentest '11

    Yn 2009 wine Jacob en Maeike de winners fan de Froeks.TV screentest. Op it stuit binne wy…

  • kanaal: Kunstbende 2011

    Check hjir alle filmkes fan Kunstbende 2011. Yn 'e grutte en lytse seal binne alle acts…

  • kanaal: Froeks The Movie

    Froeks.TV giet yn 2012 in spylfilm meitsjen! En do kinst de haadrol spylje! Kinst sels…

  • kanaal: Soap: De Âlde Fabryk

    Online! De soap "De Âlde Fabryk" stiet online, check de ôfleveringen…

  • kanaal: Froeks Flipt

    Liftsto fan ‘t simmer nei Iran? Of silst op toernee mei dyn band troch de States of…

  • kanaal: Froeks docht Serious Request

    Foar Serious Request 2011 giet Froeks 48u live útstjoere om jild yn te sammelje foar…

  • kanaal: 3VOOR12 Friesland

    Het kanaal van 3VOOR12 Fryslân, de Friese tak van het grote 3VOOR12 van de VPRO met…

  • kanaal: SjONG

    SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis fan 12…

  • kanaal: Fryslân's Hottest Student

    Fryslân’s Hottest Student! De foarrondes fine plak yn ferskate winkels…

  • kanaal: Heale Soal Produksjes

    Hagoeie. ------------------------------ Wy binne 2 jongemannen ut Ingwierrum: Jacob van…

  • kanaal: Clipzone

    Clipzone, het kanaal voor muziekvideo's

  • kanaal: Kleine Prijs van Fryslân

    De Kleine Prijs van Fryslân is dé bandcontest van de koudste provincie van Nederland.…

  • kanaal: Noordelijk Film Festival

    Op it Noordelijk Film Festival binne elts jier in soad moaie films te sjen. En dat dit…

  • kanaal: De Hûnekop

    Check hjir alle filmkes fan De Hûnekop!

  • kanaal: Strawelte!

    It Strawelte kanaal op Froeks, hjir kinne jim filmkes besjen oer ús eigen Wâldske…

  • kanaal: Fryslan's Next Top Model 2010

    Lola Bult (15) uit Leeuwarden heeft zaterdagnacht Fryslân’s Next Top Model 2010…

 

weblog

Dy goeie, âlde tiid...

Wy fan Froeks.TV fine it spitich dat de belspultsjes fan'e televyzje binne. Dêrom in pear minuten suvere nostalgy op'e freedtemiddei!

Reedride is sa 2011

We hawwe wer in tin laagje iis yn 'e feart. De redens kinne wer nei de sliper ta brocht wurde. Mar net om te reedride. Om oare spultsjes op it iis te dwaan. Want reedride is 2011!

Sjoch hjir mar ris nei. Dit doche se yn Finlân. Finnen witte wol wat se op it iis dwaan moatte. Gewoan wat spikers ûnder de kart en drifte as in baarch.

Of de fariant op iishockey, skiën en streetskating dy't it pepdrankje Red Bull promoot. Mar tink der wol om. Crashed Ice is net foar gaylords!

At de froast hurder wurdt en de Fryske marren der oan liuwen moatte, dan wurdt it tiid foar wat iisfertier mei wyn. Iissyle, dat kinne de Friezen wol.

Of wat tinke jim fan iis kiting. Ricardo... is dit wat foar dy? Do sykest dochs noch in nije sport?

Foar de ienige yn Fryslân..

By Froeks.TV op'e redaksje fine wy it alt altyd aardich om ús Ricardo te peste mei syn muzikale foarkar: hy is sawat de ienige Belieber yn'e provinsje. Sa Ricardo, dizze is foar dy!

Man fan 167 oanhâlden

Yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei hat de plysje in man by Tjerkgaast oanhâlden. Doe't de auto fan dizze man as in sylskip oer de dyk laveerde, tochten de blauwe mantsjes: 'Dizze is foar ús!'

De plysjemantsjes joegen de man in stopsein, want de slogan fan de plysje op 'e Fryske dyken lûdt: 'Laveren doen we op de Friese meren!'

Doe't de skipper syn auto oan 'e kant fan 'e dyk setten hie, klopte de smearis al driftich op it rút. De kapitein koe syn rydbewiis net toane. Dêrom moest hy syn gegevens jaan.

Doe't de man mei de pet syn bertesdatum hearde, tocht de plysje dat hy sels dronken wie. It tsjinoerstelde wie lykwols wier. De kapitein wie nammentlik sa dronken as in doekje en hy hie tefolle drank hân om te hollerekkenjen. 17 desimber 1844 wie net oannimlik genôch om de skotoe te oertsjûgen.

Wil jij prijzen winnen van Elske DeWall?

Voor zijn nieuwe programma gaat Ricardo Brouwer langs bij Elske DeWall en dat gaat natuurlijk niet onopgemerkt voorbij! Mail nu je meest creatieve of de allertofste vraag voor Elske naar redaksje@froeks.tv en als jouw vraag dinsdag wordt beantwoordt door Elske, win jij 2 vrijkaarten voor haar concert in Heerenveen op 1 februari + gesigneerde EP's!

Ús Mem, Ús Heit en no ek .. Ús Halbe!

Ja minsken, wy hawwe wêr in nije provinsjegenoat wêr't wy allegearre grutsk op kwêze kinne! Want neist Doutzen Kroes en Piet Paulusma is der: Halbe fan CarGlass!

De gefaarlikste man fan 'e wrâld

Wa is mooglik de gefaarlikste man op ‘e wrâld? Ien hint… it is in oergriselik grutte swarte Nederlanner. Alistair Overeem. De dûbelgespierde neger út Amesfoort hat ôfrûne wykein de âld UFC kampioen, Brock Lesnar, ynelkoar slein.

De Nederlanner hat no de kâns om de beste te wêze by fjouwer ferskate organisaazjes. Nei Dream, Strikeforce en K-1, kin Overeem aanst ek in wrâldtitel fan ‘e UFC efter syn namme skriuwe. Dêrfoar moat de kolos earst wol fan Junior Dos Santos winne.

Dat de bistachtige fechter fan Brock Lesnar winne soe, is foar Nederlanners gjin ferassing. Wy witte nammentlik wol dat ús Alistair gehakt meitsje soe fan dizze wrakseler dy earder foar de WWE útkaam. Nederlân is al jieren in kweekfiver foar keihurde fechters dy’t gjin genede kinne.

Alistair Overeem sil aanst tsjin de regearende UFC kampioen Junior Dos Santos fechte. Kin Overeem dizze man oan? Wat tinke jim?

Ferjit Rinus... hjir is Elzo!

It is wer safier. Yn ‘e gong setten troch it sukses fan Sjonger Rinus. No hawwe wy wer in nije held. Sjonger Elzo út ‘e Westereen.

It repetoir foar de sosjale wurkpleats wurdt noch fierder utwreide troch dizze heale. De Bert look-a-like (fan Bert en Ernie) hat mei syn ‘unibrow’ en bargesnútsje in bult mei filmkes op Youtube setten.

Der sit noch gjin produksjeteam efter Elzo dy’t in goeie klip meitsje kinne. Dat is in foardiel dat Rinus noch hat op Elzo. Fierder hat Elzo ek noch in seksy wyfke as Deborah nedich.